Buertsjekeatsen 2016

Freed 24 juny wie wer it jierlikse buertsjekeatsen. Foar de tredde kear waard dizze partij organisearre. Dit jier stiene der tsien partoer op ‘e list, dit wiene twa partoer minder as ferline jier.

Rûn 19.45 giene de buerten los mei de earste omloop! Guon partoer moasten earst efkes mei syn twaen los, om’t net eltsenein om 18.30 op it fjild wêze koe. Der waard mei in grutte bal keatst, sa’t eltsenien meidwaan koene. Dit soarge wer foar fantastyske tuskenspullen en moaie aksjes. Yn de finale moast der úteinetten wurde mei in spul gelyk, om’t it al hast tsjuster wie. It partoer fan de Hegedyk keatste yn de finale tsjin it partoer fan De Wal 1. De mannen fan de Wal begûnen mei in fleanende sitbal. Spitich wie dit de iennichste foarsprong dy’t de manlju krigen en se ferlearen mei 5-2 fan de mannen fan de Hegedyk. De finale yn de ferliesersrûne gie tusken it partoer fan de Wal 2 (Baukje Stienstra, Maria Molenbuur en Trees Fopma) tsjin it partoer fan de Master Jansenstrjitte 2. Yn in snelle partij wie it partoer fan de Master Jansenstjitte die mei 5-4 6-4 winne koe. De prizen wiene dizze kear foarsoarge troch earelid Geart Oostra en ponghâlder Hendrik Poppema. Tegearre giene dizze mannen op paad om prizen út te sykjen. Tidens de priisútrikking dy’t ponghâlder Hendrik foarsoarge kaamen der wer moaie ferhalen út it ferline foarby! Kommende wike binne we wer in soad op it keatsfjild te finen! Woansdei 29 juny om 20.00 is de lotting foar de Jong Fammen partij! Foarôfgeand oan dizze lotting is der in clinic dy’t fersoarge wurd troch de 2e priiswinners fan it NK Famkes dit jier! Kommende sneon is de 13 edysje fan de Jong Fammen partij! En kommende snein 3 july is de twadde edysje fan de Keetpartij! Wer in soad aksje op it keatsfjild dus dizze wike! 1e priis: Hegedyk (Abe Jepma, Ignas Dijkstra en Rene Dijkstra) 2e prijs: De Wal 1 (Jan Reitsma, Pieter Klaversma en Willem Reitsma) 3e prijs: Master Jansenstrjitte 2 (Jelle Anema, Yvonne Dolstra en Lyssa van der Ende)

Geplaatst op 24 June 2016